Te min plak op Alvestêdefeest

De Alvestêdeferiening moat inkele hûnderten leden teloarstelle dy't takom jier by it 100-jierrich jubileumfeest wêze wolle. Op 'e jiergearkomste fan 'e Alvestêdeferiening wie freedtejûn krityk te hearren fan guon leden.
Trijehûndert leden fan 'e feriening De Friesche Elf Steden moatte it offisjele jubileumfeest op 15 jannewaris yn 'e Ljouwerter Harmonie misse omt der te min plak is.