SRV-wein yn ´e sleat
Klanten fan molkboer Joop_Zwaagstra út Dokkum moatte de kommende dagen earne oars de boadskippen helje. De SRV-man rekke freedtejûn mei syn sutelwein by Ealsum fan ´e dyk en bedarre yn ´e sleat. Zwaagstra kaam der sûnder ferwûnings fanôf.
It dykje is te smel foar swier bergingsmaterieel. Dêrom moat de SRV-wein nei alle gedachten yn stikken seage wurde. Zwaagstra sutelt al mear as 36 jier mei boadskippen de huzen bydel.