Strange jierwiksel yn F'diel

Yn Ferwerderadiel is it yn de nacht fan âld en nij ferbean om mei fjouwer minsken of mear byinoar om in fjoer hinne te stean. Dat is ien fan de maatregels dy't de gemeente nimt om de jierwiksel goed ferrinne te litten.
Neist de ynset fan 'e plysje wurde der dit jier ek twa kear safolle minsken fan in befeiligingsbedriuw ynskeakele as ferline jier. Ek sil Ferwerderadiel ekstra maatregels nimme om de skea op de fernielers te ferheljen. Mei in flyer wurde de ynwenners ynformearre.