2007: 370 hierders út hûs set

Yn Fryslân binne yn it jier 2007 mei-inoar 370 hierders harren hûs út set omdat se de hier net op 'e tiid betelle hiene. Dat docht bliken út sifers fan de wenningkorporaasjes.
Fryslân sit mei dit sifer krekt boppe it lanlik gemiddelde. Yn hiel Nederlân waarden ferline jier 8500 hierders út harren hûs set. Dat wie fjirtjin persint mear as yn it jier 2006.