Patsers wurde hurd oanpakt

© Omrop Fryslân
Ljouwerters dy't sûnder baan dochs in djoere auto, boat of hûs hawwe wurde troch de gemeente ticht op de hûd sitten. De yn de rânestêd bekende patseroanpak is no ek oernommen troch Ljouwert. De gemeente wol optrede tsjin minsken dy't op kriminele wize harren jild fertsjinje.
Om dizze patsers effektyf oan te pakken is tongersdei in konvenant ôfsletten mei ûnder oare de plysje, justysje en de belestingtsjinst.