Been ûndernimmer fan it jier

Truus Been krijt de priis út hannen fan Siem Jansen (foto Lenus van der Broek)
Truus Been fan PrePressMediaPartners yn Wolvegea is woansdei útroppen ta ûndernimmer fan it jier fan Weststellingwerf. De sjuery neamde de direkteur/eigner fan it grafysk bedriuw in goed foarbyld fan sosjaal ûndernimmen.
De sjuery bestie dit jier út Siem Jansen, direkteur fan de NOM, Remco Heite, âld-boargemaster fan Weststellingwerf en Rikus de Vries, âld-foarsitter fan de Commerciële Club Weststellingwerf.