Frou mishannele yn Drachten

In frou fan 49 is woansdeitetejûn yn in kroech yn Drachten ynelkoar slein. Neffens de frou waard se troch twa froulju fan har kruk lutsen en dêrnei skopt en slein.
It giet om twa bekenden fan har. Dy wurde meikoarten troch de plysje heard.