Munten tsjin bernemishanneling

Fjouwer bern fan De Lemmer dielden woansdei winkelkarremuntjes út tsjin bernemishanneling. Dat is de priis dy't it Zuyderzee College wûn mei it lanlike projekt KidzWize. Dat projekt wol it ûnderwerp bernerjochten sa goed mooglik ûnder de oandacht bringen.
Woansdei bestiet it ferdrach fan de rjochten fan de minske nammentlik 60 jier. It plan fan it Zuyderzee College wie ien fan de bêsten en dêrom krige de skoalle 500 euro om it plan om 7000 muntjes te meitsjen út te fieren.