Trainer ferlit De Jouwer

Trainer Wieb Rodenhuis en sneinshaadklasser De Jouwer gean oan de ein fan dit seizoen útelkoar. De Jouwer woe noch wol in jier fierder mei Rodenhuis, mar de trainer út Britsum fielde dêr net foar.
Wieb Rodenhuis hat twa jier trainer fan De Jouwer west. Hy brocht de Jousters fan de earste klasse wer yn de haadklasse. Op dit stuit stiet Rodenhuis mei De Jouwer op in tsiende plak yn de sneinshaadklasse C.