Auto fêst op spoaroergong

In attinte masinist hat tiisdei foarkomme kind dat syn trein op de auto fan in frou út Gerkeskleaster klapte. De frou wie by in spoaroergong yn Bûtenpost te betiid ôfslein en kaam sa op it spoar telâne. Se kaam fêst te sitten mei har auto. Krekt op dat stuit kaam der in trein oan, mar de masinist koe op tiid remje.
It treinferkear by Bûtenpost stie dêrnei noch in oere stil om te sjen oft der gjin skea fan de auto op it spoar achterbleau.