Jild foar nije ûndernimmers

© Omrop Fryslân
Studinten dy´t nei har stúdzje in bedriuw yn Ljouwert opsette wolle, kinne rekkenje op finansjele stipe fan de gemeente. Wethâlder Florijn jout oardel ton oan de organisaasje STABLE, dy´t de startende ûndernimmers begelaat en ûnder dak bringt. STABLE is in inisjatyf fan de trije hegeskoallen yn Ljouwert.
Op dit stuit sitte de bedriuwen op ferskate plakken yn de stêd, mar der wurdt ek ûndersocht oft der aanst plak is op de kenniskampus yn Ljouwert.