Gjin stipe asyslsikers

© Omrop Fryslân
St. Vluchtelingenzorg Wûnseradiel krijt gjin finansjele stipe fan de gemeente. Dêrtroch komme mooglik 14 asylsikers op strjitte te stean. It giet om 8 grutten en 6 bern.
De gemeente Wûnseradiel seit dat de finansjele stipe in taak is fan it Ryk. De groep asylsikers is noch net útprosedearre, mar foar dizze minsken sil der neffens Al Bayrak yn 2009 wol in slutende oplossing wêze. It is noch net dúdlik hoe't it no fierder gean sil mei de asylsikers.