Skeaklaim foar molke-aksje DDB

Finansjeel sturtsje boere-aksjes?
De Dutch Dairymen Board hat in skeaklaim fan ien miljoen euro fan Friesland Foods krigen fanwege de aksjes tsjin de lege molkprizen ferline jier. Dy maitiid blokkearren lulke boeren fan de DDB in grutte suvelfabryk yn Nijkerk. Fierder waard oproppen de molke rinne te litten.
De Dutch Diarymen Board krige in brief fan Friesland Foods dêr't de klaim yn oankundige waard, mar fan in juridyske aksje ha se noch neat fernaam.