Fytser oanriden troch auto

In 15-jierrige jonge út Ousternijegea is moandei ferwûne rekke nei't er mei syn fyts op in auto klapte. De jonge foel dêrby mei syn holle op 'e grûn. De 19-jierrige automobilist út Bantegea joech gjin foarrang oan de fytser.
It ûngelok barde op de Sewei op De Jouwer. De jonge út Ousternijegea is mei ferwûnings oan 'e holle oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.