Spul om kamelemerk Appelskea

Op in foarljochtingsbyienkomst fan de gemeente Eaststellingwerf rûnen de emoasjes moandei heech op. It gie oer de struktuerfisy foar Appelskea, mar it spitste him ta op de kamelemerk. De Boerestreek wurdt miskien autolij makke en dêrom moatte der nije parkearplakken komme.
It plak fan de kamelemerk soe in opsje wêze, mar dat wolle de merkkeaplju net en dat lieten se dan ek dúdlik fernimme.