'Rêddraaiers gau straffe'

Relskoppers by de kommende fiering fan âld en nij moatte ek yn Fryslân sa gau as mooglik foar de rjochter ferskine. Dat seit boargemaster Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf.
It oplizzen fan in straf op koarte termyn wurket 'ôfskrikkend', seit de boargemaster. Oosterman is teloarsteld dat noch net alle oerlêstferoarsakers fan de âld en nij rellen fan begjin dit jier yn Haulerwyk foar de rjochter ferskynd binne.