Ferwûne by botsing tsjin beam
In autobestjoerder is sneontemiddei ferwûne rekke nei in frontale botsing tsjin in beam. Dat wie op de Wergeasterdyk fan Warten rjochting Wergea. De oarsaak fan it ûngelok is net bekend.
Omdat de man lêst fan de rêch en de nekke hie, hat de brânwacht de autodoar ferwidere. Dêrnei koe de man op ferantwurde wize út de auto helle wurde. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.