Oerol goed foar 94 miljoen

It jierlikse Oerolfestival op Skylge is 94 miljoen euro wurdich. Dat docht bliken út ûndersyk fan Brand Consultancy ûnder elkenien dy't belutsen is by it festival. De Oerolgongers binne ferskate dagen op it festival en besteegje sa'n 600 euro oan tagongsbewizen, ferfier en hoareka. Sûnder Oerol komt nei alle gedachten 90% net nei it eilân.
Oerol is de iennige Fryske kultuerorganisaasje dy't neffens it ûndersyk nasjonale bekendheid hat.