Boete driget foar MFC Helling

© Omrop Fryslân
De gemeente Littenseradiel leit it multyfunksjoneel sintrum De Helling yn Winsum in twangsom op as dy trochgiet te funksjonearjen as doarpskroech. It giet om in bedrach fan 4000 euro de oertreding mei in maksimum fan 20.000 euro.
Neffens de fergunning mei De Helling allinnich in hoarekafunksje hawwe as der aktiviteiten organisearre wurde, bygelyks sportaktiviteiten of gearkomsten.