Kâns Drachten yn wettersport

Om de wettersportmooglikheden yn en om Drachten te fersterkjen kin in soad dien wurde. En as soks bart dan smyt dat inkele hûnderten arbeidsplakken op en lokket it foar miljoenen oan ynvestearrings fan partikulieren út.
Dat stiet yn in rapport fan de Grontmij dat opsteld is yn opdracht fan de gemeente Smellingerlân.