Gjin priis foar Philips en NAM

Philips en de NAM binne net yn de prizen fallen mei it griene ljocht dat se tegearre ûntwikkele ha foar de boarplatfoarms fan de NAM. It griene ljocht wurdt ek brûkt op de pier fan It Amelân. It is freonliker foar fûgels. Dy reitsje troch gewoan wyt ljocht faak út koers en gean dan dea.
Philips en de NAM wiene nominearre foar in Europeeske miljeupriis. Dy gie úteinlik nei in Belgysk bedriuw dat in miljeufreonlike wize ûntwikkele hat om fersmoarge wetter skjin te krijen.