Cambuur earste by Fair Play

SC Cambuur is op dit stuit de meast sportive klub yn de Nederlânske kompetysje. De Ljouwerters stean earste yn it Fair Play klassemint. Dêryn wurdt sjoen nei it gedrach fan de spilers en it publyk. De spilers fan Cambuur krije oant no ta net folle giele kaarten en it publyk fan Cambuur stiet posityf efter harren klub.
Cambuur stiet no earste foar NEC en Volendam. De winner fan de Fair Play Cup hat oan de ein fan it seizoen kâns op dielname oan de UEFA Cup.