Berôvers âlderein pakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat seis minderjierrige jonges út Drachten oanhâlden op fertinking fan ynbraak, bedriging en berôving. De jonges, tusken de alve en de 16 jier, hiene it foarsjoen op bewenners fan âldereinflats.
Se giene der stikem yn en waarden bytiden ek wol betrape. De ynbrekkerij soarge foar in soad ûnrêst. Neidat se oppakt wiene bekenden de jonges dat se ûnder oare in frou fan tachtich oerfallen en bestellen ha. De jonges bekenden ek ferskate oare saken.