Froulju Hearrenfean ferlieze

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat moandeitejûn teloarstellend mei 3-1 ferlern fan FC Twente. De útwedstriid tsjin deselde ploech waard earder noch oertsjûgjend wûn mei 3-0. Troch it ferlies bliuwt Hearrenfean stean op 14 punten út tsien wedstriden. Koprinner Utrecht hat seis punten mear.
De froulju fan It Fean spilen dizze op moandei ynstee fan tongersdei fanwege it UEFA-cup-duel tusken SC Hearrenfean en Sporting Braga.