Untslachjild foar direkteur

De direkteur fan 'e Stichting Recreatiecentra Ameland krijt in ûntslachfergoeding fan 260.000 euro. Dat hat de kantonrjochter bepaald. De direkteur is nei tweintich jier ûntslein omdat er net goed rapportearre ha soe oer de finânsjes. Hy soe ek it personeelsbelied net op oarder hawwe en froulik personiel net netsjes behannele hawwe.
Neffens de rjochter is de man dêr te let op oansprutsen. Dêrom moat der in finansjele fergoeding komme.