Boargers ûntwerpe wyk De Pein

Ien fan 'e ideeën: De kolonisten fan De Pein
Smellingerlân docht mei alve oare gemeenten mei oan it projekt 'In actie met burgers'. Dêrby giet it om boargerpartisipaasje. Sa kinne boargers meitinke oer de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) of sels in wykbudzjet beheare.
By Smellingerlân giet it om it projekt wij bouwen een wijk.nl. Op dy site ûntwerpe boargers en saakkundigen mei-inoar in nije wyk foar De Pein. 'In actie met burgers' is in inisjatyf fan it Ryk en de VNG.