Bouktje Boerma: krekt net

Miss Fryslân Bouktje_Boerma fan Haulerwyk is sneintejûn net keazen ta Miss Nederlân 2008. Wol wie se de op ien nei moaiste neffens it publyk.
De sjuery fûn Miss Utrecht, Deniz_Akkoyun, de moaiste. Twadde waard Miss Oerisel en tredde wie Miss Noard-Hollân. Bouktje hie dizze útslach al ferwachte. Sels tinkt se dat se net wûn hat omdat se net sa goed is yn ´it opfieren fan in toanielstikje´. De 20-jierrige Bouktje studearret foar ferpleechkundige yn Swol.