Mishanneling yn Harns

In 25-jierrige ynwenner fan Harns is dit wykein troch de plysje oppakt neidat er in ynwenner fan seisbierrum samar tsjin te flakte slein hie. De mishanneling barde yn de Foarstrjitte yn Harns.
Neffens omstanners wie der gjin inkelde oanlieding foar de klap. It 25-jierrige slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert.