'Prul of pronkstik' yn Snits

Is it in prul of in pronkstik? Dy fraach hiene alle besikers fan de taksaasjedei dy't de Rabobank Snits/Súdwest-Fryslân sneon foar har leden organisearre. Goed 900 Rabobank-leden kamen op it evenemint ôf.
En dat wie mear as dat de Rabobank ferwachte hie. Dat betsjutte in soad wurk foar de ferskillende eksperts dy't it guod fan de besikers taksearren. Der wiene der wol wat pronkstikken by. Under oare in ketting mei opalen en in 17e ieusk horloazje.