ONS wint fan Go Ahead Kampen

Sneonshaadklasser ONS Snits hat foar it earst yn dizze kompetysje in útwedstriid wûn. De Snitsers wûnen yn Kampen fan de nûmmer trije Go Ahead Kampen mei 3-2. Rudy Mann soarge yn de earste helte foar in 1-0 foarsprong.
Yn in prima twadde helte kaam Go Ahead werom nei 1-1, mar it wie wer Rudy Mann dy't syn twadde doelpunt makke: 2-1. It waard ek noch 2-2, mar Jasper Valentijn wie de matchwinner foar ONS. Hy makke de 3-1.