Gjin dúdlike winner ferkiezing

It nij keazen bestjoer fan it wetterskip
De wetterskipsferkiezings ha gjin dúdlike winner opsmiten. Fan de njoggen partijen dy't meidiene, binne der fjouwer mei trije sitten. De partij Water Natuurlijk hat de measte stimmen krigen, mei-elkoar santjin persint.
Yn de ferdieling fan de sitten yn it bestjoer makket dat lykwols gjin ferskil mei it CDA, de PvdA en de list Lagere Lasten Burger. Al dy partijen ha trije sitten krigen.