Boetes útdield by kontrôles

De plysje Fryslân hat de ôfrûne dagen op grutte skaal kontrôles útfierd yn de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Skylge en Flylân. Dêrby binne goed 750 boetes útdield foar ûnder oare te hurd riden en fytse sûnder ljocht.
By in autobestjoerder (20) út Winaam waard yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Ek waard in besite brocht oan 52 minsken dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte of in boete útstean hiene. Der waard 4200 euro binnenhelle.