Jonge mishannele yn Ljouwert

Freedtemiddei tsjin trije oere is op de Drachtsterwei yn Ljouwert in 14-jierrige jonge út de haadstêd mishannele troch in groep fan sân jonges. It slachtoffer is meardere kearen slein en skopt en fan de fyts lutsen.
Yntusken binne der twa 14-jierrige fertochten oanholden. De plysje siket tsjûgen dy't de mishanneling freed sjoen hawwe.