Gurbe op ien yn Top 100

Gurbe Douwstra
It nûmer Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra liket dit jier op nûmer ien te einigjen yn de Fryske Top 100. It nûmer komt as favoryt út de bus nei it tellen fan de 31.000 stimmen dy't oant no ta útbrocht binne. Op it twadde plak stiet In nije dei fan de Kast.
De nûmer ien fan de ôfrûne sân jier, Marije Maria fan Reboelje stiet op dit stuit op it tredde plak. Der kin noch oant 27 desimber stimd wurde foar de Fryske Top 100.