Nije rotondes Marsum-Deinum
It oanlizzen fan twa nije rotondes yn de autodyk tusken Marsum en Deinum ferrint neffens plan. Ferline wykein moast it wurk útsteld wurde yn ferbân mei it minne waar.
Mei-elkoar binne der 50 minsken oan it wurk. It ferkear wurdt sûnt freedtejûn omlaat. Moandeitemoarn om 6 oere giet de dyk dêr wer iepen. Der binne seker noch twa wykeinen nedich om it wurk klear te krijen.