Proef finansiering jeugdsoarch

De finansiering fan 'e jeugdsoarch moat folle simpeler en dêrom komt dêr in proef foar. Dat hat deputearre Schokker fan 'e provinsje bekendmakke.
Alden en bern rinne faak tsjin drege finansjele prosedueres oan, benammen by de oergong fan 'e iene nei de oare foarm fan soarch. It jild moat út ferskate potsjes komme. Foar elk is wer in nije beoardielingsproseduere nedich en dat betsjut ekstra wachttiid. Deputearre Tineke Schokker wol dêr mei in proef wat oan dwaan.