Brânslachtoffer wie hierder

It deadlike slachtoffer fan 'e brân op in camping yn Terherne is net de eigner fan it sjalet. Dat seit campingbaas Hendrik van der Meer. De noch ûnbekende man wie sûnt begjin dizze wike op 'e camping oan 'e Jongebuorren.
De brânwacht krige de melding nachts om healwei twaen. It wie earst dreech om by de caravan te kommen fanwege de hjitte en de reek. Doe't dat wol slagge, waard it lichem fan 'e man fûn. Hy is tusken de 45 en 50 jier âld.