Hurdriders trapearre

In Boalserter (26) is tongersdei yn Broek trapearre op te hurd riden. Hy ried op 'e Tramwei 149 kilometer yn 'e oere, wylst tachtich dêr it maksimum is. De man moast syn rydbewiis ynleverje en krige in prosesferbaal.
Op 'e Ofslútdyk binne ek twa autobestjoerders it rydbewiis kwytrekke fanwege te hurd riden. In man út Amersfoort ried 126 dêr't 70 it maksimum is. En in Amsterdammer hie 177 op 'e teller, wylst er 120 mocht.