Brân yn haven Warten

Yn de jachthaven fan Warten binne tongersdeitejûn trije boaten yn flammen opgongen. In fjirde boat hat flinke skea oprûn. De eigner fan de boat, dêr't de brân begong, moast nei it sikehûs omdat hy tefolle reek binnenkrigen hie.
De brânwacht hat ûnder oaren in blusboat ynsetten om de brân út te krijen, mar omdat der polyester boaten by wiene, brânde it as in fakkel. Der is oalje en brânstof yn it wetter kommen. Dêr binne skerms omhinne lein.