Rêdingsaksje Filmfestival

Rêdingsaksje provinsje en gemeente
De provinsje en de gemeente Ljouwert binne dwaande mei in rêdingsaksje foar it Noardelik Filmfestival. Se wolle mei-inoar in berop dwaan op ekstra subsydzje omdat se it festival tige wichtich fine foar de regio.
By de lêste edysje fan it evenemint, earder dizze moanne, lette de organisaasje de needklok. Der is te min jild en it festival hinget te folle ôf fan frijwilligers. Dêrtroch bliuwt de kwaliteit fan it festival efter by de ferwachtings.