Alderen nei teater It Posthûs

© Omrop Fryslân
Foar âlderen op It_Hearrenfean dy´t nei it teater wolle is in oplossing fûn. Meastentiids geane âlderen net, omdat sy allinnich moatte of jûns let net oer strjitte doare.
Under it motto ´Ga ook eens alleen met anderen´ hawwe it_Posthûs_Teater en wolwêzenorganisaasje Caleidoscoop woansdei in byienkomst organisearre. Hjir kinne âlderen mei-elkoar yn kontakt komme en in programma gearstalle. Yn it algemien wiene de âlderen bliid mei dit inisjatyf.