Mear Friezen yn skuldsanearing

Hieltyd mear Friezen krije te meitsjen mei in skuldsanearing. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Dy hat de earste trije kwartalen fan dit jier ferlike mei dy fan ferline jier.
De sifers yn Fryslân wike krekt as yn Limboarch en Flevolân ôf fan it lanlik byld. Trochstrings is it tal minsken dat yn Nederlân yn de skuldsanearing bedarret mei 37 prosint ôfnaam. Yn Utrecht en Grinslân rûn it sels mei de helte werom.