Gjin priis Ljouwerter croupier

De Ljouwerter croupier Anand Baldew, dy't tiisdei meidie oan de lanlike finale Croupier Van Het Jaar yn Utrecht, is net yn de prizen fallen. De meiwurker fan it Holland Casino yn Ljouwert einige yn Poule A as fyfde en lêste. By de finale Croupier Van Het Jaar tocht de sjuery om saken as gasthearskip, spulliederskip en faktechnyske feardichheden.
Der dienen 14 croupiers oan mei, de winner giet takom jier nei de Europeeske Kampioenskippen yn Sweden.