Paad Burgumermar fan tafel

It plan foar in kuierpaad lâns de Burgumermar giet werom nei de tekentafel. Der binne safolle beswieren tsjin it iepenstellen fan it Stedmapaad dat stichting Rom Paad de oanfraach tiisdeitejûn ynlutsen had.
Oer de oanfraach soe woansdei in rjochtsaak tsjinje. De Eastermarder stichting is bekend troch syn grutste sponsor: topmodel Doutzen Kroes. Sy jout har stipe om sa de kerosine fan al har kilometers yn it fleantúch te kompensearjen.