Filmfestival op Flylân

Dokumintêrefilms op Flylân yn desimber
Op Flylân binne begjin desimber dokumentêrefilms te sjen fan it IDFA, it jierlikse ynternasjonaal dokumentêrefestival Amsterdam. De Flylanner edysje fan IDFA is fan 6 oant en mei 12 desimber.
It idee komt fan festivaldirekteur Ally Derks dy't al jierren op it eilân fakânsje hâldt en sadwaande kontakten hat mei de minsken fan it koartlyn iepene Podium Vlieland dat ek in filmseal mei 60 plakken hat.