Liening foar Skewiel Oentsjerk

Tellens lient Skewiel jild om de leanen te beteljen.
Soarchgroep Tellens hat Skewiel yn Oentsjerk in liening fan 750.000 euro jûn om út de finansjele problemen te kommen. Skewiel kin al moannen net oan syn finansjele ferplichtings foldwaan. Mei de liening kin de leanen fan it personiel earst betelle wurde. En bygelyks de belestingskuld. It is de bedoeling dat Tellens en Skewiel mei yngong fan april 2009 fusearje.
Neffens beide organisaasjes fernimme de kliïnten neat fan de finansjele problemen.