Legere opkomst by Wetterskip

It wetterskip ferwachtet in legere opkomst as yn 2004
It Wetterskip Fryslân ferwachtet by de ferkiezings in mindere opkomst as yn 2004. Dit jier wiene der in oantal feroaringen en dat hat ferskate problemen opsmiten. Sa wiene der problemen mei de stimbiljetten, omdat dy no op namme wiene. As der yn in húshâlden twa biljetten ferwiksele wurde, binne beide stimmen ûnjildich.
Fanwege alle fragen oer dizze problematyk wie der dit jier dêrom ek in lanlik callcentre, dêr't tsientûzenen tillefoantsjes west ha.