Amelân freon fan Deensk Fano

De gemeente It Amelân tinkt deroer om in freonskipsbân oan te gean mei it Deenske waadeilân Fano. In delegaasje út Denemarken hat dêr it ôfrûne wykein op It Amelân oer praat. Amelân hat foaral in soad belangstelling foar Fano, omdat it eilân bestjoerlik selsstannich bleaun is nei in weryndieling yn Denemarken ferline jier. It Deenske eilân is ûngefear like grut as Amelân.
De earste stap nei gearwurking is in skoalprojekt, dat takom jier begjint.