Van Beek wethâlder yn Wommels

De VVD-fraksje fan Littenseradiel stelt de gemeenteried foar om Felix van Beek te beneamen as tydlik wethâlder. Hjirmei jout de VVD útfiering oan de moasje fan 'e gemeenteried, dêr’t de VVD-fraksje yn opdroegen waard foar 26 novimber in ferfangende wethâlder foar te dragen.
De offisjele beneaming sil plakfine yn in ekstra riedsgearkomste op 1 desimber. Van Beek, âld-wethâlder fan Skarsterlân, is al út ein set mei it ynwurkjen yn Littenseradiel.