Drugsdealer oppakt yn Drachten

De plysje hat sneontejûn yn Drachten in 30-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden op fertinking fan it dealen yn drugs. De fertochte waard sjoen yn syn auto op de Noardkade.
Troch syn gedrach tochten de plysjes dat de man drugs ferkocht. By kontrôle die bliken dat de man 40 gram speed en in bytsje hasj en weed by him hie. Sjoen de wize wêrop it guod ferpakt wie, wie dit bedoeld foar de ferkeap.